Njonkenbaantsje fan in feilingmaster.

Ha! Se ha it by it museum Belvedêre ek yn de gaten. Skuor dy Alexander mar ris út dy grêftegurdle wei. De âld ôfslagger mei in sit nimme yn it bestjoer. Soe dat ek noch wat opsmite bûten de reiskosten en de liters kofje? Wat sil er frjemd om him hinne sjoen ha op wei nei it Wâld, nea witten dat der noch sa'n grut stik gea boppe Amsterdam lei. En ferduld, der stiet ek noch in knap gebou yn dy negerij mei dêryn... no brekt my de djoere Italiaanske merkskoech, in aardich stikje nijmoadrige keunst! Op it stuit dat er dat seach ha se him frege. Hy wie sa fan't hynder dat er ja sei. No moat dy siel fiif kear yn't jier dizze kant op!
'Wat staat er vandaag in de agenda?' freget er oan de sekretaresse.
'Ja, daar heb ik me al een paar keer over gebogen, maar ik kom er niet uit. Volgens mij staat er bestuursvergadering in... eh... Oranjewoud??
Alexander rekket daliks yn in jolige bui. 'Haal de klompen maar uit de kast, vandaag een dagje platteland.' De sekretaresse sjocht him begripend oan. Hy hat it ek sa drok, se sil mei syn psycholooch belje, moarn is der noch wol in gatsje yn syn agenda.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen