Posts

Posts uit maart, 2022 tonen

Hâld Fryslân moai

Afbeelding
  Soms is it goed as je in skoft ergens net komme kinne. Dat klinkt nuver, mar it soarget der foar dat je mei nije eagen sjogge nei wat je earder as ‘normaal’ beskôgen. No’t de corona-maatregels foar it grutste part ôfskaft binne, wie der wer ris tiid en gelegenheid foar in reiske nei Den Haag. De bekerfinale iishockey yn in útferkochte Uithof. Hartstikke moai, mar de reis dêrhinne wie dat net. Geandewei de rit sakke my de broek ôf. Wy binne der mei syn allen yn slagge om ús Nederlânske lânskip foar in grut part hielendal nei de soademiter te helpen. 200 kilometer lang dogge jo de eagen sear fan alle freeslike ellinde dy’t yn in koart skoft troch projektûntwikkelers mei goedkarren fan bestjoerders oeral del plante is.   As je by De Lemmer de polder yn ride begjint it al. Fan de earste oant de lêste meter binne de Noardeast- en Flevopolders ien grutte oanienskeakeling fan wynmûnen. De kânsleazens om ea noch wat moais fan Flevolân te meitsjen is wurdt mei eltse draai fan eltse mûne n