Lofts feriene?

Wie it jim al opfallen? Der binne hjoed ferkiezings. Juster in debat, de one-liners fleagen wer oer de taffeltsjes, of wat dêr foar trochgean moast.
'Dicht bij de burger blijven.'
'It ear te lústerjen lizze.'
'Koarte linen.'
'Heldere kaders stellen.'
'Goed beleid voor de wijken.'
Spuie moatte je derfan. Wat stean dy minsken in ein fan de realiteit ôf. Wijken? Wêr hie dat minske dy oantreffe wollen? Allinnich yn Snits binne der in pear, kinne jim sjen wat aanst prioriteit kriget. Doarpen? 'O ja, die hebben we ook, ergens, geloof ik...'

Mar dit sloech alles: 'It wie net fraai, mar no't de trein oankommen is...'
Wat foar trein yn de goedichheid? Wa siet efter it stjoer fan dat ding? Dy hie better troch de stopblokken hinneride kinnen en mei gong it Iselmar yn. Fan ûnderen op? Nea wer wat fan heard. De omkomst is leech, sa hearde ik niis. Omrop F. hat al dagen oars gjin nijs as reklamespotsjes foar dizze poppekast. De opkomst leech, frjemd no? It is de minsken foar de safolste kear helder wurden dat wat je ek ynbringe, hoe goed as jo bydrage op de ynsprekjûnen ek ynmekoar stekt, hoefolle flyers mei tsjinlûd der ek fuortjûn wurde, it helpt gjin bliksum.
Dy brêgewipper wie der ek wer, dat is krekt túch, komt altyd werom, dan spuitsje se him wat fergif op de kop en hy is wer in skoft stil. In soad wurden, mar hy hat te lang nei it iepen en ticht gean fan syn brêge sjoen bin ik bang, dêr moatte je wol wat fan oerhâlde. No wol er lofts wer ferienje. Lofts is noch nea sa ferdield west as no. Sels Femke sjocht der gjin brea mear yn, dy is aanst ek útlispele. Dan ha we clown Popov noch, dy tomaat moat er echt op syn noas plakke, kin er sa by it Russyske steatssirkus oan de gong. En ús toanbyld fan 'randstedelijkheid' Alex P? Dy wit net iens dat Sânfurd bestiet.
Cohen liket my wol in geskikte keardel, mar hy kin net út tsjin it nijerwetske taalbelied yn de keamer, krekt in generaasje te âld bin ik bang. Dat lofts ferienje? Dacht het niet.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen