Tsjinfaller.

Je ha fan dy dingen... Juster wie ik der hielendal klear foar. Hjoed soe ik om in oare auto. Better sein, in buske, foar it wurk. De godgânske dei op ynternet oan it sneupen en ja, der wie wat. Net te fier út de buert, dat it moast mar heve. Justerjûn yn it tsjuster de rommel út it âlde buske slope, kreas yn de kroade dellein, sadat it hjoed yn it oare buske ynboud wurde koe.
Kertier oer njoggenen te plak. Ik wol, ja. De ferkeaper kaam in heal oere letter. Mar doe hie him al it ien en oar ôfspile. In monteur, anneks beun de haas dy't op sneon wol op tiid fan bêd kaam wie en wakker oan it poetsen wie op in aardich knappe BMW, holp my oan de kaai. 'Sjoch mar efkes,' wie it beskie. No, dat foel my net ta. Op de foto liket it altyd better as in the flesh. Mar mei in stoelhoes en wat oare keunstgrepen soe der wat fan te meitsjen wêze. Ek mar efkes besykje oft er starte woe, net ûnbelangryk as je in auto ha, no? Net dus. De turboaccu derby en hupskee, dêr tippele it spul hinne. Hy rûn ek noch aardich fjouwerkant, neat mis mei. Ik stie dus wat mei beun de haas te jeuzeljen, oant ik de plasse oalje seach dy't hast oan myn klompe ta wie, en fluch grutter waard. Ik sei: 'Sille we him earst mar útsette?' Dat like beun goed ta. It soe wol in lieding wêze dy't barsten wie. Hawar, de ferkeaper kaam mei de sliep yn de eagen it terrein opriden. Ik tocht, no sil er grif skerp út de hoeke komme, as dit praat de wrâld yngiet ha we der skea fan. Net dus. Hy liet de motor fan de auto rinne, kaam mei de tillefoan oan it ear nei beun en my ta en sei: 'Moandei mar efkes belje.' Hy stapte wer yn de auto en ried fuort.
Ik ek.
No fielde it as ha je slaande rûzje hân. Je kletse de doar ticht, net fan plan om gau wer werom te kommen, binne je de kaai fan de auto ferjitten, frijwat ûnnoazel. Sa wie it mei my ek doe't ik braaf alle rotsoai wer yn de âld bus lein ha. As it gjin dea guod wie soenen jo je hast wat skuldich fiele, je hienen al heal en heal ôfskie naam, mar mei de sturt tusken de poaten it ark mar wer te plak sette. As ik myn bus wêze soe? Ik gie moarn stikken. Sa, dêr hast wat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen