Politiek 24

Hearlik! Wy ha no UPC, en dêr sit in kanaal by mei 24 oeren deis twadde keamer. It is de lêste dagen folop genietsjen. De iene nei de oare PVVer hat wat útfretten dat eins net hielendal kloppet. Ik bin hast ûnwennich nei dy prachtige LPF fraksje. Kenne jim se noch? Eduard Bomhoff, dy steatige keardel, hy siet dizze wike by Harry Mens as it my net mist. Harry Wijnschenk, dy makke oeral in potsje fan, Winny de Jong, dy hie in biopolaire stoarnis. Neffens my ha de measten dat yn de twadde keamer, mar toe mar. En myn favoryt wie Herman Heinsbroek. In echte playboy, soan fan in jeneverstoker. Hy koe ek goed ûnrêst stoke, mar ik wie wei fan syn auto. Hy kaam nei it wurk, net yn sa'n saaie tsjinstauto fan it ryk, nee, Herman kaam yn syn Bentley, geweldich. Dy hat him kapotlake oer de bekrompen reaksjes bin ik bang. It koe him werklik gjin donder skele wat se oer him seinen, want ik ha lekker in Bentley, ha ha!
Best wol jammer dat Pim Fortuin der net mear is, it wie fansels in genot west om dy mei Wilders yn debat te sjen. Net dat it earne oer gean soe, mar foar de buhne? Foar de gearstalling fan it kabinet wie it ek better west as Pim der noch west wie. Dan hienen hy en Geert beide de helte fan de stimmen krigen dy't de PVV no hat, en hienen se beide neat te fertellen hân. Mar ja, it leit der no sa hinne. Sa lang as it noch duorret.
Noch ien gewetensfraach, soe de rest fan de leden fan de twadde keamer allegearre skjin op de lea wêze? Of soe bygelyks de foarsitster wolris in peukje mei túnkrûden opstutsen ha? Ik wit it net, mar hoefolle sitten hat dy PVV no? 25 ofsa? Dan bliuwe der noch 125 man, frou, oer. Allegearre mei in leeljeblanke siel, nea wat ferkeard dien. Ik ha myn betinkings...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen