Iepen brief oan Robert Veenstra, foarsitter fan SC Hearrenfean.

Achte hear Veenstra,

Witte jo wat de haka is? As eks iishockeyman sil dat wol net. Dêrom ha ik hjirûnder in filmke set, kinne jo it sjen. Wêrom? Ik ha in foarstel. The All Blacks binne al jierren ûnferslaanber yn it rugby, dat komt troch de haka. In kriigsdûns fan de Maori. Dat jout sa'n teamgeast, dêr kin gjinien tsjinoan. As jo der no foar soargje dat de sportklub yn de takomst op klompen it fjild opkomt, en in knappe útfiering fan de Skotse Trije op de matte leit? It Abe Lenstrastadion sil nea wer in ferliespartij oanskôgje hoege. Sukses fersekere, echt wier. Freegje dy Nij Seelânners mar.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen