Sylfamke.

Witte jim noch wa't Laura Dekker is? In skoftsje lyn foel heal bemuoisuchtich Nederlân noch oer har hinne mei har plan om de wrâld rûn te silen. No hear ik nimmen mear oer it 'zeilmeisje' Dat wurd allinnich al soe foar my reden wêze om nea wer in foet op Nederlânske grûn te setten. Wat delbûgend, krekt as ha se it oer in ding, net oer in fanke dat de measte fan dy ferstannige minsken wol tsien kear oer de kop kin. As it jo sels tin troch de broek rint as je oan hege weagen tinke, moat eltsenien him dêr dan oan oanpasse? Wêr is it aventoer yn de minsken bleaun?
Laura makket it goed, se sit op it stuit op in Kaapverdisch eilân. 25 graden yn it skaad, wat wol in minske noch mear. En foar de soarchsume typkes: se hat juster en hjoed drok mei har húswurk dwaande west.
Ik ha neat mei silen, mar wat bin ik jaloersk op dat fanke, GO LAURA!!! Lit se hjir allegerarre mar in poepke rûke yn dit troch regels bedoarne lân.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen