Toljild, gjin grapke.

Earlik wier, ik wist net wat ik hearde. Opslach wie ik ûnwennich nei alle kfdK's dy't we ea hân ha. Wiegel, Nijpels, it makket my net út. Ik sil it efkes útlizze. As jo midden yn it bosk berne binne, is dat as bern jo eigen wrâld. Elts paadsje, beamke en strúkje wisten je te finen. Gjin hikke of stek dat jo kearde.
No hat ús kfdK de goare lef om te sizzen: 'Als ik voor een hek sta en ik moet vijf of tien euro betalen om een stuk in een natuurgebied te wandelen zal dat voor mij geen reden zijn om mijn auto te keren.'
Nee, foar dy net, do pakst in moai part fan de Balkenende noarm yn it jier, patser! Wat te tinken fan de minsken dy't it mei € 50 yn de moanne dwaan moatte? Dy ha yn it earste plak gjin SUV om nei de bosk te riden, en as se dêr komme is foar harren dy 'luttele' pear euro wol reden om te sizzen: 'Wy sykje wol in oar stikje natoer op.'
Ik soe hjir in samling fan skelwurden opskriuwe kinne dy't ik fan tapassing fyn op it folfretten praat fan dy keardel, mar dêr wol ik mysels net ta ferleegje. De bosk is fan ús allegearre, dêr mei gjin hikke omhinne. Boppedat sil der ek ien yn it hokje sitte moatte om de minsken har jild ôf te troggeljen, foardat dy syn salaris der út is moat heal Fryslân syn poartsje troch. Ik kom net.
Ien pluspunt hjoed: de fjouwerbaans nei wêr ek al wer hinne giet foareast net troch, miskien dat in nij bestjoer it hielendal ôfblaze kin.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen