Belied.

De publike omrop moat har beheine ta har kearntaken, seit de vice foarsitter van de VVD. Dus allinnich programs meitsje foar de kykkast en net foar it ynternet. Is dat net wat frjemd? As ik jûns troch it doarp rin, hinget it folk massaal op de bank foar de breedbyld, yn dat opsicht soe it dus terjochte wêze. Mar de oare helte dy't bygelyks neat oan fuotbal fynt, fermakket him of har mei de kompjûter (of soms in boek...)    Laptop op de keukentafel, koptillefoan op en klear ist. Dy meie fan de VVD dus allinnich nei útstjoering mist sjen, net nei programma's dy't op dat stuit útstjoerd wurde. Dat is dochs kolder? Wêrom moatte dy minsken in dei wachtsje om nei Pauw en Witteman te sjen? Dat kin dan ek!
De reden dy't opjûn wurdt dat se net mei de kranten konkurearje meie is kul. Jongeren lêze it nijs op ynternet, net yn in krante. En as de ynternetkranten miene dat se yn de sek naaid wurde moatte se soargje dat har nijs sa goed is dat minsken dat derút pikke.
Sitte der dan dochs tefolle âlde mannen yn it nije kabinet?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen