Kat.

Wy ha ek in kat sis ik as se my freegje oft we ek bisten ha. Dat is te sizzen, meastal ha we in kat. Op it stuit ha we trije, mar dat wikselt noch wolris. Der bedarret wolris ien ûnder ien fan de brede tsjillen fan in jarretank, of ien fan de doarpelingen pikt ien mei as se mei tachtich yn't oere hjir del fleane wylst tritich de max is. Hawar, dat is al sa salang ik it my heuge kin. Ien kear hienen we in oanrinner, in pracht bist. We stienen oan de oare kant fan de dyk te praten, de âldste fan ús stie der ek by, se sil in jier as fjouwer west wêze. It bist soe de dyk oer, want dêr stiene de baaskes, no? Jim snappe it al, klets boem, ûnder de eagen fan in bern fan fjouwer, ein fan de kat. Pake, dy´t op besite wie, hat him bedobbe. Sûnt dy dei hat sy ek it ylt op de siel dat by in kattebaas oan in trochrinnende dyk heard.
No hienen we oardel jier lyn ek in kat, in swarte kater. De mater familias, in mei in notoir min sin en mar ien each segene wyfkeskat dy't elts jier soarget foar it yn stân hâlden fan de kattestân op it hiem, hie op in stuit har nocht fan de soan en jage him mei in soad leven it hiem ôf. Jammer, mar der soe wol wer in nij nêst komme, dat wie de opstelling fan ús allegearre. Dat wie dus ek sa, no binne der in reade boarre, in lyts wyld swart wyfke en de âlde skarrelt hjir ek noch om fansels, dy is te leep om troch in auto deariden te wurden. De swarte boarre? Nea wer sjoen. Oant dizze wike! Samar op in dei komt er, sa fet as in slak, it hiem op, sit te miaukjen om brokjes en docht as wie er nea fuortwest! Oardel jier letter is it noch myn maat, dat wie earder ek sa, ik hoegde mar bûten te sitten of hy hipte my op de skoat. Hy bliuwt net de hiele dei, mar it is in begjin. Sa'n bist moast prate kinne, dêr siet fêst in pracht ferhaal yn dy oardel jier dat er op de kletter west hat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen