Moreel ferplichte.

Soa, dus it bestjoer fielt him of har moreel ferplichte om in ferbouwing fan de Fryske Akadeemje te stypjen. Tsjonge, dat is goed nijs, hert foar de Fryske saak. Nije ergonomyske stuollen om it ûndersyk nei eh... Wêr ek al wer nei noch komfortabeler ferrinne te litten. No, dan sil de jildkraan ek wol iepengean foar promoasje fan alles wat mei de kultuer yn it heitelân te meitsjen hat nim ik oan, of dochs net?
Ik moat sizze dat ik bliid bin mei it wurdboek dat de FA yn gearwurking mei de Afûk makke hat, foaral omdat er no ek op de kompjûter te rieplachtsjen is, tige handich. Mar 2.3(!) miljoen foar in oar wurkplak? Dat stiet yn skril kontrast mei de pear readsjes foar bygelyks it útjaan fan nij skreaun wurk, dêr moat en sil op besúnige wurde. No, lit dy ferbouwing mar trochgean, kinne se as it klear is ûndersykje hoe se har sels op de meast gaadlike wize opheffe kinne.
Bêste minsken fan it bestjoer fan dizze provinsje, de taal, sprutsen en skreaun. Dêr begjint it mei. As der gjin kop mear is dy't it Frysk machtich is hoege jim in ynstituut as de FA net in opknapper te jaan, dat is it hynder efter de wein spanne. Se kinne prachtige dingen betinke, mar as jim der net foar soargje dat de bern fatsoenlik ûnderrjocht yn it Frysk krije hâld it op. Dêr is gjin miljoenen projekt foar nêdich, dat kin eltse omkoal betinke.
Dêr soenen jim jimme mei al dy prachtige wurden dy't útsprutsen wurde moreel ta ferplichte fiele moatte.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen