Helm of skeppe.

Is it jim ek wolris opfallen? As der earne in stik grûn bouryp makke wurden is, of der wurdt hjir of dêr in beam plante mei in prachtich idee derby, stiet der immen foar de kamera. Meastal is it in wethâlder of immen fan it boubedriuw ofsa. Mar der is wat frjemds mei. Lêsten seach ik ek wer ien fertellen hoe't in stik bougrûn der oer in jier as wat útsjen soe. Rûnom seach ik gjin hege kranen, of stegers dy't sa wankel wienen dat se mei it earste it bêste suchje wyn omkneppelje soenen. Mar se, yn dit gefal in se, kin ek in hy wêze, se hie in wite helm op de holle. En dy helm wie nij. Wêrom?
Oar foarbyld. As ôfslúting fan in stikje doarpsfernijing moast der in beam komme. Fansels de wethâlder derby. Dizze kear gjin helm, wylst de beam wol omfalle koe. Nee, in skeppe. No ha ik ek in skeppe, wol mear as ien. Mar wêrom moat dy skeppe fan dy wethâlder dan splinternij wêze? Sa út de Welkoop wei, in echte Landleven skeppe, ek noch rottekrûddjoer. Hy hie ek wol efkes ien fan in kollega út it wykbehear liene kinnen dochs? Of wie er bang dat dêr in splinter útstekke soe?
Weismiten jild. In nije helm as der neat ommiterje kin en in nije skeppe as der ek wol in brûkte foarhannen wie. No hear ik jim al sizzen, wat in seurstengel. Mar ik sjoch leaver in smoarge helm en in skeppe mei in fize stâle, dan ha'k teminsten it idee dat der ea wat mei fersetten is.
Boppedat hie dy wethâlder in te grutte helm op, en dy mei dy skeppe seach as hie er noch nea sa'n freeslik stik ark yn hannen hân, wat ek wierskynlik is omdat er nei twa symboalyske skepkes in kear freonlik lake en as in kûgel in doarpshûs ynfleach. It wykbehear hat de put dienmakke.
Frjemde wrâld.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen