Dieltiidpostrinners.

Gjin post hjoed? Wy wol. Kreas op tiid, twa slúven fan de boereleenbank. Neat te rêden dus. Mar hoe kin dat no? It Maliefjild fol mei postrinners en by ús net oars as oare dagen. Nei yngreven ûndersyk blykte dat dizze post troch wurknimmers mei in 'oarsoarte' kontrakt brocht is. Gjin brekkers fan de staking, mar guon dy't in kontrakt foar minder oeren as de gewoane postrinners ha. Dieltiidpostrinners. Hoefolle soe dat by scrabble opleverje?
Hawar, nije wike wer twa dagen gjin post yn de bus, sjen hoe't dat by ús útpakt. As se lang genôch it wurk dellizze moatte der miskien wol ekstra dieltiidpostrinners by, oars kriget nimmen syn krystkaarten op'e tiid, dat soe pas slim wêze. En dy ferhipte toskedokter mei syn proaza dat ik de rekken nei oardel wike noch net betelle ha, dit kin wolris op de doarwarder útdraaie. Net bêst.
TNT moast ris witte hoe't de wrâld derhinne leit sûnder de trouwe postrinners, dy't waar as gjin waar by de doarren delkomme. Sels op dagen dat se stake.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen