You're going to reap just what you sow: MQ-9 Reaper


Eins hie ik my foarnaam om dit jier neat oer de miljoenennota te sizzen. It boadskip dat brocht wurde soe wie al tiden helder. Ien dêrfan: Op de fleanbasis yn Ljouwert ferdwine 400 banen. Dat is skande, mar al dy boubedriuwen dy't omfalle is like slim.

Dochs foel my wat op. De nije wize fan oarloch fiere giet net mear mei frachtweinen, fleantugen en skippen fol soldaten dy't as kanonnefoer brûkt wurde, mar mei drones. Ik ha google fertalen der op loslitten, dy seit dat it wurd drone dar betsjut. Manlike ealjebij. Ek kin it nietsdoener betsjutte.

Dy lêste omskriuwing liket my net tapaslik. Dy kringen smite mei bommen wylst se oan de oare kant fan de wrâld bestjoerd wurde. Bakje kofje der by, donut yn de snuit. Sa sawat. En alles kin fia ultra moderne kamera's folge wurde. Live tsjûge wêze fan de ynslach fan in bom. Op it oare skerm twitter en facebook, of miskien in fette game. World of warcraft of sa. Wat is echt en wat net...

De fleanbasis krijt aanst ek fan dy drones. Goed foar de basis, fansels. Wurk is wichtich.

Witte jim hoe't dy dingen hjitte? MQ-9 Reaper. Ut alle mooglike nammen ha se de namme Reaper keazen. Dat betsjut ûnderoare oogster. Harvester. Risper, al is dat net in goed Frysk wurd.
Wol in morbide kar, fine jim ek net? Reaper.

Lou Reed seit yn syn prachtige nûmer Perfect Day: You're going to reap just what you sow.

Se skine al minder leven te meitsjen as de F16. Dat is dan mar moai. No noch in hybride ûntwikkelje, dan kinne jo oan it elektoraat útlizze dat bombardearjen noch nea sa goedkeap west hat... 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen