De paus oer homofily en antykonsepsje


It is in lyts berjochtsje yn de krante. De paus hat wat sein oer it homohoulik en antykonsepsje. Hy seit dat de tsjerke him opsletten hat yn lytse saken, yn bekrompen regels. Franciscus docht hjirmei al mear as syn foargonger Ratzinger, dy't sa konservatyf as de sykte wie.
As it beneamd wurdt, sette jo it yn 'e weak by de lju dy't no noch fan neat witte wolle. Al mei al gjin min nijs. Yn itselde berjocht seit er dat de tsjerke útnoegjender wurde moat, in plak dêr't priesters begripend en net kâld en dogmatysk binne.
Poeh, yn in artikel fan in pear wurden kin soms mear stean as yn in hiele krante. En we binne der noch net. De lêste rigel fan it artikel is: 'Niet veroordelingen, maar mededogen dient voorop te staan.' Was getekend, paus Franciscus.
De Roomske tsjerke oan de foarjûn fan in folsleine update nei hjoeddeistich tinken? Wy sille it sjen. Bliuwt it selibaat noch oer as efterhelle ynstitút, mar jo kinne net alles tagelyk oanpakke.

Yn Ruslân is krekt in wet oannaam dy't de homo wer snoeihurd yn in hoekje set. Minsken dy't dêr wat oer sizze wurde sa as yn de 'goede âlde tiid' oppakt en ik wol net witte wêr't se dan bedarje. Op Discovery sjogge jo wolris wat oer Russyske finzenissen, dus in soad goeds kinne se net ferwachtsje.
Mar wy hoege hjir net roomsker as de paus te wêzen. Ek tige lokaal tinke guon noch dat homofily in sykte is.

Der is noch in wrâld te winnen foar Franciscus. Mar hy hat yn elts gefal wat sein. Dat is in begjin.        

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen