'Nationale ombudsman Alex Brenninkmeijer monddood gemaakt'

Yn Nederlân ha wy in nasjonale ombudsman. Dat is in persoan dy't jo oansprekke kinne as jo klachten oer de oerheid ha. Meastal is dyselde min te benaderjen en knikt oer it algemien tige begripend as der skrinende saken oan de kaak steld wurde.

In net neier te neamen ûnôfhinklike, frije Fryske sjoernalist soe him 'De slippendrager fan it kabinet' neame kinne, om samar te sizzen. Mar lokkich is der op eltse regel in útsûndering.

Alex Franciscus Maria Brenninkmeijer, Amsterdam, 29-06-1951 is dy útsûndering. Hy is sûnt 2005 de nasjonale ombudsman. Krekt as de Rijdende Rechter mr. Frank Visser liket Brenninkmeijer ynearsten in wat eigenwize keardel. Hy hat rjochten studearre yn Grins, dêrnei hat er tal fan oan rjochten relatearre funksjes beklaaid. Yn 2005 is er troch de Twadde Keamer mei romme mearderheid (allinnich de PVV wie algemien tsjin) beneamd. De oare kandidaat Job Cohen wie kânsleas.

Yn de jierren hat Brenninkmeijer him faker as ien kear kritysk útlitten oer de kabinetten dy't yn rap tempo elkoar opfolgen. Neat gjin slaafke folger, mar ien dy't minsken yn elts gefal de yllúzje joech dat se heard waarden. Sterker, ik bin fan miening dat er echt harke.
Yn de saak fan de Q-koarts, de detinsje fan yllegalen, de soarch en de plysje, hy liet him der oer út op in wize dy't yn de Twadde Keamer fronsele winkbrauwen oplevere. Hokker bretale apostel doarde soks te sizzen? No, Alex Brenninkmeijer doarde dat. Ik bin in fan fan de man wurden, omdat er ek saken beneamde dy't yn 'e regel deaswijd wurde.

Noch net sa lang lyn sei er dat (djoere) ûndersyksresultaten troch it regear geregeld oan de kant skood wurde. Soms sels sûnderdat se lêzen binne.
Hy die in goai nei Europeesk ombudsman, mar wie folslein kânsleas omdat er de korrupsjefactor ûnderskatten hie en miste. Nee, dat stiet nearne op papier. Dêrom dus. 

No, jim fiele  him al oankommen, de Twadde Keamer en foaral dit kabinet hat in grouwelige hekel oan minsken fan de statuer Brenninkmeijer, dy't doarre te sizze dat Rutte en co der in soadsje fan meitsje. Daar hebben wij het volgende op gevonden: Fuort promovearje wegens te goed in zijn werk...

Alex Franciscus Maria Brenninkmeijer wurdt lid fan de Europeeske rekkenkeamer. Net iens foarsitter, gewoan lid. Fansels in grof skandaal dêr't de polityk nea wer in wurd oer smoach meitsje sil, bliid dat se binne dat der in kritikaster minder is, dy't harren eigen ûnkunde oan de minsken sjen lit.

No ris sjen hokker 'slippendrager' út de hege hoed fan Mark en Diederik kome sil. Ik gok op in VVD-er mei de kadaverdissipline fan in PvdA-er.


 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen