Smellingerlân helpt jo út de stront

Tiid foar in fleurich bloch, tocht ik sa!

As titel hie ik 'Brulloft op moandei' yn gedachten. Dêr wurde jo dochs fleurich fan, in brulloft?
De brulloft wie al in goed wike lyn dwaande him oan te kundigjen. Dat liket let, mar jo ha dan ek meardere soarten.
Dizze brulloft soe him net ôfspylje yn it gemeentehûs fan Smellingerlân, daar waar het geween is en het geknars der tanden, as ik de parse leauwe mei. Nee, dizze brulloft soe ek net yn tsjerke plakfine, daar waar soms ook over het geween en het geknars der tanden sprutsen wurdt.
Dizze brulloft wie gewoan thús. En ik sil jim sizze dat dêr ek sprake fan geween en geknars der tanden wie, al hat nimmen dat murken. Ditsoarte brulloften binne net populêr. Se helje de krante net, der komme gjin fleurige foto's fan, der is gjin gasteboek, gjin jenever en sigaren, gjin boppe-, efter- of oare seal. Dit spilet him ôf yn in lyts fertrek. Yn stilte.
Der oer prate dogge jo allinnich mei neiste famylje.

Is der dan neat fleurichs oer de gemeente Smellingerlân te fertellen? Jawis wol! Hjoed ha twa man west te brulloftsjen, se ha de saak yngreven oanpakt. Jo sjogge op in meter djipte dan it resinte ferline foarby driuwen, dat is wer ris wat oars as in flauwe film. De rauwe, brune werklikheid skood rjochting de sintrale opfangenpipe. Ik kin jo melde dat soks in tige goed gefoel jout.

Mei rjocht en reden kin, mei en sil ik jim hjoed dus fertelle dat de gemeente Smellingerlân ús út de stront holpen hat.

Amen. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen