Piken fan de houtkapper út de Westerein

Wat in prachtich artikel yn de LC oer buorkerij boartsje. Ik sil earlik sizze dat it mei bonkjes neimeitsjen fan kij by ús nea yn de moade west hat. Miskien omdat beppe út in slachtersfamylje kaam? Ik wit it net. It op skaal neimeitsjen fan in bûthûs wie ek fan foar myn tiid.
De swarte fytslak om de kij kleur te jaan hie by ús grif Mc Cormick International read wurden, dat is wol wis. Swartbûnte kij wie foar ús not done.

Wy boarten ek op de pleats. Mei fytskes troch it bûthûs fleane, as de kij yn it lân wienen. Letter begûn de hinnegekte. Hokken fol mei piken. Allegearre troch krielhinnen útbret, dy stumpers sieten soms in healjier op aaien.
Nei in skoft die bliken dat it hast allegearre hoannen wienen. Dy lizze gjin aaien, it soarte wie ek net mei sa'n soad fleis bedield dat se yn it sop koenen. Sa no en dan snipte in rôffûgel wolris ien of twa, der wienen genôch. Mar dy hoannen sieten we al mei yn de mage. Se frieten wol, mar fierder koenen je der net folle mei.
Lokkich wennen wy oan de râne fan de bosk. Dêr koenen wy de bisten wol kwyt. Gjin probleem, de natuer loste sokke saken op. Nei de seleksje hin/hoanne mei in doaze fol hoannen nei de rododendronpôle dêr't eartiids in jagershutte stien hie en hup, fuort der mei. De bisten hienen alle romte, wjirmkes en oar gnob genôch, de foks, murd en sparwer moasten ek ite. Klear, sa wurke dat doe.

Mar neat wie sa as it like...

Sjoch, de bosk moast ûnderholden. Dan kaam der in griene keet, in stik as wat houtkappers en dy tinnen de boel út. De houtkappers en de keet, ik ha der in soad omslein. In pear stikken bôle mei, de keet blau fan de reek. Sa gie dat. Mar op in kear wienen der nije houtkappers. Ien kaam neffens my út de Westerein. Dat makke neat út, ik koe mei alle houtkappers prima opsjitte. Op in dei sei de wâldman dat er hinnen sjoen hie. Yn de bosk. De oaren makken der in show fan, dy nuvere wâldpyk hie stront yn 'e eagen. Ik hie de deis tefoaren in doaze mei hoannen loslitten, dus ik wist dat er gelyk hie, mar doarde it net te sizzen...
Dy wike ha se net folle hout kapt, mar sieten geregeld efter de hinnen oan. De wâldman wist it seker. 'It binne piken, heite!'
Moannen letter kamen se wer om in stik dinnebosk nei te sjen. De oare houtkappers koenen it net litte om te freegjen oft de piken al oan de lis wienen, de wâldpyk snúfde woest en foetere dat se grif út de briedmasine kaam wienen, dy kringen woenen net lizze. 'Wy ha se opiten,' sei er.
'Moatst ek noch fertelle dat der guon fan dy piken kraaie koenen,' smeulde ien fan de oare manlju. De wâldman krige de seage en pandere lilk de bos yn...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen