The original six

De kop is der ôf, de earste oefenwedstriden binne spile. Freed wie it tsjin HYS The Hague daliks al in hearlike pot, as it hiele seizoen sa wurde sil, is it reklame foar it hockey. Foar in oefenwedstriid sieten der aardich minken op de tribune, dat liket der op. Tip: De oare kear allegearre ien meinimme, as dy dan de wike dêrop ek wer ien meifreget, komt Thialf wol wer oan de kop ta fol. De sport fertsjinnet it en de tsjinstanners moatte wer mei lead yn de skuon nei It Feen komme.

Der komme dit jier seis Nederlânske teams en ien Belgyske ploech yn de earedivyzje út. Dat die my tinken oan The Original Six, in begjin fan wat letter de NHL wurden is. Tusken 1942 en 1967 bestie de NHL mar út seis teams, dus noch ien minder as de earedivyzje no docht. Dat kinne jo je hast net yntinke foar in grut kontinint as Noard Amearika, mar dochs wie it sa. It tophockey kaam út de noardeasthoeke: Chicago Black Hawkes, Detroit RedWings, New York Rangers, Boston Bruins, Toronto Maple Leafs en fansels de Montreal Canadians. Montreal, de stêd dêr’t it yn 1917 allegearre begûn. Yn de 20er jierren bestie de NHL út tsien teams, mar doe’t de Big Depression, de grutte krisis kaam, ferdwûnen der trije.

Pas yn 1967 besleat de NHL om de seis teams út te wreidzjen, de westkant fan it kontinint wie dwaande om in profesjonele organisaasje sa oan te klaaien dat de NHL der lêst fan krije koe. Dus ferdûbele de league nei 12 teams. Hjoed-de-dei bestiet de NHL út 30 teams, mei in omset fan dik 3 miljard (!) dollar. Noch altyd leit it swiertepunt fan de oantallen klups yn de noardeasthoeke fan Noard Amearika. Yn Kanada, it lân dêr’t hockey de nasjonale sport is, sitte sân fan de 30 NHL teams. Geruchten oer in achtste, dat miskien yn Saskatoon komme sil, binne al in skoft oan de oarder.

IJ.H.C. Dordrecht Lions, HYS The Hague, Eindhoven Kemphanen, Ruijters Eaters Geleen, UNIS Flyers Heerenveen en DESTIL Trappers Tilburg. Dit jier de seis teams út Nederlân. Herentals is de sânde ploech.

As de finansjele situaasje yn Geleen sa bliuwt as dat er no is, liket it dêr net bêst. Jo soenen oer it hockey yn Nederlân en België sizze kinne dat hast eltse fergeliking mei de NHL mank giet. Mar net as it om it moaie fan de sport giet. De snelheid, de enerzjy fan it spul. En, ik murk it freed, al is it mar in oefenwedstriid, je wolle net ferlieze. Dus lit mar komme, dat seizoen 2013/2014. Leafst mei Geleen der by, fansels.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen