Sûker is in drug


Op dizze prinsjesdei steane wy wer foar de jierlikse debatmaraton yn de Twadde Keamer. Der wienen tiden dat ik dy fan begjin oant ein folge. Dy tiid hat west. Ik fyn der neat mear oan. Miskien komt dat omdat ik ZZPer bin, in groep minsken dy't de nije earmoede fertsjintwurdigje, as ik de berjochten en de oantallen ekstra blauwe sluven op de matte leauwe mei.
De moed sakket jo yn de skuon. In ynterim manager pakt € 95.000 euro yn de moanne, de JSF wurdt troch betelle praatpoppe Mat Herben yn de LC oanprize, de autorider en de âlderein binne de sigaar (lekker maklike doelgroepen om te strûpen) en oan de ein fan de petearen wachtet in gesellige buorrel mei halalhapkes yn Nieuwspoort. Moatte wy dat allegearre ta ús nimme? Masogisme hat ek grinzen. In partij dy't in jier as wat lyn by heech en leech nee sei tsjin de djoere fleantugen, no yn it regear sit en... Lit mar.

Nee, ik bin bliid. Echt wier. Hjoed docht bliken dat sûker in drug is. It stiet yn de krante, dus is it sa. Einliks ris in maatskiplik akseptearre drug dêr't ik net oan ferslave bin. Dat hie oars kinnen, hear. Mar myn mem hie al nea sûker yn de kofje en de tee, dus fergeat se geregeld om ús der al in skepfol yn te dwaan. Earst komme jo dan yn it ferhef, mar as je nei in wike as wat kofje sûnder sûker wer ris in swiet bakje krije, kinne jo wol spuie. De De Jongkjes binne clean, allegearre. Wat dit oanbelanget, dan.
Ja, mar yn koekjes, dropkes en oare brot sit ek sûker, hear ik jim tinken. Krij ik (hast) net. Allinnich it skaaltsje fla, dêr sit it rom yn. Mar de oandrang om dan daliks it hiele pak op te slobberjen? Daar herken ik mij niet in, om it mar ris polityk korrekt te sizzen.

Polityk korrekt? Oei. De direkteur fan de GGD yn Amsterdam, Paul van der Velpen, fynt dat de oerheid de sûker as libbengefaarlike drug erkenne moat. Sterker, hy seit yn Elsevier: 'Consumenten moeten worden gewezen op de gevaren van suiker als verslavend product. Het is 'de gevaarlijkste drug van deze tijd'. Daarom moet er een 'suikertaks' komen, en een wet die bepaald hoeveel suiker er in een product mag zitten.'

Ik sjoch grut polityk potensjeel yn dizze man. De partij meie jim der by riede.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen