Freed de 13e

It is hjoed freed de 13e. Moai op bêd bliuwe en gjin gekke dingen dwaan, want aanst giet it mis.


It is net allinnich de 13e, it is ek de dei fan de skieding. No bin ik frijwat dwers, dus mochten de frou en ik ea it doel ha om byelkoar wei te sjouwen, soe ik dat op alle dagen fan it jier dwaan, mar net op de dei dy't se dêr foar yn it libben roppen ha. Wat in flauwekul.
O, hjoed is de dei dat it
FRI
ESM
USE
UM
iepen giet. Neiste famylje hat it al besjoen en it skynt tige de muoite wurdich te wêzen. Dat logo sil ik it net wer oer ha, as je net dyslektysk binne, soenen je it dêr wol fan wurde. Hawar, it giet om de ynhâld. Mei ik sizze dat ik eins de kening ferwachte hie? Alex is foar in part Fries, no skipet er ús ôf mei syn frou. It each wol ek wat, dus wat dat oanbelanget ha ik der gjin problemen mei, mar dochs. Ynkoarten sille wy der wolris sjen, hjoed mar net. Je kinne grif oer de koppen rinne, want it is hjoed fergees.

Hjoed begjint de Moanne fan it Fryske boek ek. Juster skreau Frysk skriuwster Hilda Talsma dat it dreech is om boekhannels safier te krijen dat se Frysktalige boeken yn de winkels lizze. Hjir soe ik in hiel lang stik oer skriuwe kinne, mar hjoed mar net. De 13e, no? Yn de kommende jierren sil bliken dwaan oft en hoe it skreaune Frysk by KH2018 belutsen wurde kin en oft soks fertuten dwaan sil.

It is hjoed de 13e.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen