Free publicity, sponsore troch de SGP



De SGP makket him nochal wat drok oer de datingsites lykas Second Love. Foar guon dy't dat net witte: Dêr kinne jo in ekstra relaasje oanknoopje. Foar der by, sis mar. Neist de gewoane relaasje, dy't nei in X-oantal jierren wolris wat saai wurde kin. Gat yn de merk, om mar ris in byldspraakje der tsjinoan te smiten.

No, dêr tinkt de SGP hel en ferdoemenis fan. De bern (as dy der binne) soenen der skea troch oprinne kinne. Fan dy skiedings. Mar dat doocht net hielendal. It is Second Love. Der by. Ekstra. Dus it oare kin gewoan trochgean, mar foar de ekstra hupsakee is der de Second Love frou as man.

Litte we mar net om de hite brij hinne draaie, de SGP slacht de planke mis. Fansels komt yn de measte gefallen in relaasje ûnder druk te stean, en binne de bern de sigaar. Dat snapt eltsenien.

Mar as jo it hânboek fan de SGP der by sykje, de bibel dus, stiet dêr dat kening Salomo in harem fan 300 froulju hie. En fan de measte SGP preekstuollen wurdt sûnt de bibel skreaun is ferkundige dat Salomo in wiis man wie. (fan alle oare preekstuollen ek, by the way)
Ja, mar dat wie in oare tiid, doe wie dat normaal, jo kinne hjoed-de-dei net mei dy tiid fergelykje en sa mear.

Dat mei sa wêze. Mar it stiet der wol. 300 byfroulju. Neffens de SGP is (hast) alles dat yn de bibel stiet wier. Wêrom soe der dan by Salomo oer it oantal froulju liigd wûrde?

Witte jim wa't der dizze dagen mei in smile fan ear ta ear omrinne? De betinkers fan in site lykas Second Love. Dy ha op regearingsnivo noch nea safolle free publicity krigen as troch it hammerjen fan Kees van der Staaij. In net neier te neamen eks foarsitter hat sein dat er net yn free publicity leaut. Ik soe de minsken fan Second Love mar ris freegje, dy ha noch nea safolle hits op harren side hân as flak nei de tirade fan Van der Staaij. Stikem efkes sjen wat it is.

Free publicity, jo oanbean troch de SGP. Stille diplomatyk hie ek in opsje west. Mar dan komme jo net op tv.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen