Linkje

Ha, dit fyn ik no aardich. Dizze link: Flyers


















































































































































As jo it leaver hjir lêze:



MGM Grand

It iishockey seizoen 2013/2014 giet oer in pear wiken wer los. Fan no ôf skriuw ik net mear iishockey, mar gewoan hockey. Want der is mar ien echte soart hockey, en dat dogge jo op it iis, of net dan?
Hiel foarsichtich begjint yn en om Thialf in bytsje koarts te ûntstean. Hjir en dêr falt it K-wurd al stikem... K-koarts. Dat is in foarm fan koarts dy’t wol noflik is. 
Yn de tarieding op sa’n nij seizoen spylje de teams fansels in stik as wat oefenpotsjes.
Dat dogge se yn de USA ek. Ik wol jim graach meinimme nei it MGM Grand hotel. Ja, dat leit yn de woestijn fan Nevada, yn de gokstêd Las Vegas. Dêr ha se gjin NHL team, mar wol in soad jild. Alles kin yn Las Vegas. Om de minsken te fermeitsjen fine se dêr de idioatste dingen út. Sjongeres Celine Dion hat der yn Ceasars Palace miljoenen fertsjinne en har kontrakt krekt iepenbrutsen oant 2019(!) ta.
Mar wy ha it hjir oer hockey. It MGM Grand hotel is ien fan de grutste gokpaleizen yn Las Vegas. Se ha der ek in seal foar entertainment, de Garden Arena. Dêr komme grutte artysten en ek sportploegen. Skrik net, de Garden Arena hat 16.800 sitplakken. Dus der kinne mear minsken yn as yn de grutte hal fan Thialf. Ien kear yn it jier bouwe se de Garden Arena om ta iishockeyhal. Yn de woestijn. De stroomrekken woe ik net graach betelje...
Frozen Fury, hjit it spektakel. Trije NHL teams komme nei Las Vegas om in oefenpotsje te spyljen. Mochten jimme der hinne wolle, sil ik jim efkes fertelle wa’t der komme.
Dit jier spylje op 27 september de New York Rangers tsjin de Los Angeles Kings. Dat is fansels in leuke affysje. De Kings, twa jier lyn noch winner fan de Stanley Cup tsjin ien fan de original six. (Dêr sil ik in oare kear wol wat mear oer fertelle) Ien dei letter komme de Colorado Avalanche yn aksje tsjin alwer de Kings.
No, aardich, net? Fiif dollar yntree, dan kinne we der mei frou en bern wol efkes hinne. Oei, dan moat ik jimme dochs teloarstelle.
De goedkeapste plakjes kostje $38.00 plus noch wat administraasjekosten. Mar dan sitte jo tsjin it dak oan. As je wat in knap plakje ha wolle: $300.00 plus $24.15 handling fee.
Dat komt foar frou en twa bern der dus op del... Ach lit mar. It is mar in oefenpotsje. Alles kin yn de USA. En ja, de Garden Arena sit fol. Hoesa krisis?

©Ferdinand de Jong

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen