Hilda Talsma op Smelne FM


Dat koe wolris in aparte jûn wurde. De lokale omrop fan Smellingerlân, Smelne FM, komt fan sân oant acht oere streekrjocht út kafee Marktzicht. Mei in literêr programma. In oere lang prate oer boeken en oare kultuer. Neat gjin horizontale programearring.

Gjalt (Bliksum Piebe!) de Jong en kroechbaas Ronald van der Molen moetsje skriuwster Hilda Talsma, dy't krekt it tredde diel fan har trilogy De twadde hûd, Flammen en no dus It geloksbern útbrocht hat.

Smelne FM, ik soe my yntinke kinne dat jim der efkes oer neitinke moatte op hokker frekwinsje dy te finen is. Yn de ether sit er op 106.5 FM, dat jildt foar Drachten en omkriten. UPC klanten yn Smellingerlân kinne digitaal op 96.1 te plak.
Mar dan binne wy der noch net. As jo radio harkje fia de mediaboks fan UPC (ik leau dat wy ek sa'n ding ha, mar ik bin frijwat analooch) moatte jo kanaal 80 ha. As jo in C1+ module of in Horizon mediaboks brûke is kanaal 882 the place to be. Freegje my net hoe't it wurket, ik ha echt gjin flau idee.
De lêste wize om nei it boekeprogram te harkjen is fia it WWW. Dan moatte jo de webplayer brûke. Mocht der immen wêze dy't my fertelle kin hoe't soks no wer wurket, graach. By útstjoering út de studio wei, soe der ek in webcam wêze moatte. Hoe't soks op lokaasje sit wit ik net.
Ho, der is ek noch in app! Kinne jo op de mobile telefoan de show folgje. Dy app is yn de playstore del te heljen. Dat is gjin eroatyske winkel, mar in hippe namme foar in plak dêr't jo ûnsindingen ynstallearje kinne op in ding dêr't se eartiids mei bellen. Dat is slim út de tiid. Wy appe, no?

It is in wûnder allegearre. O ja, ik bin der jûn ek yn Marktzicht. Mar dat hoecht nimmen te witten.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen