Derby

Op in pear lytse saken nei is de derby tusken It Feen en Cambuur goed ferrûn. Lokkich mar. Wy sille dizze dei net sa gau ferjitte. Wy, dat binne de De Jongkjes.
Juster wie frijwat bysûnder, de earste kear dat ik troch heit meinaam waard nei it fuotbaljen sil in jier as 30 lyn wêze. Doe spile It Feen earste divyzje foar in man/frou as 2000. Dochs fûn ik it prachtich. Abe Lenstra siet yn syn rolstoel oan de sydline.
Letter kocht ik in seizoenskaart en ha net folle wedstriden mist. Altyd op de easttribune, mar juster net. Jierren ha heit en ik tegearre nei vak 22 reizgje, mar troch omstannichheden kin dat no net mear. Juster mochten sawol heit as mem in kear mei nei it Abe Lenstra stadion, de minsken dy't dat mooglik makke ha wurde hjir nochris tige betanke, it wie in middei om nea te ferjitten. Moai mei de lift nei de tredde ferdjipping en prima plakjes, rjocht tsjinoer dêr't we gewoanwei sieten.
De wedstriid wie earder spannend as goed, in moaie stift fan de spits fan It Feen wie de winnende goal. Mar dat wie net it wichtigste wat my oanbelanget. Dat wie dit byld.



 

Reacties

  1. Stom no, mar ik bin emosjoaneel sjoen frijwat lichtmelk as it om ditsoart mominten giet...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Genietsje hjir fan, ik soe graach noch ris een keer mei myn heit op en ût wolle. Alfred

    BeantwoordenVerwijderen
  3. De reaksjes binne hast like moai as de middei. Tank, docht my goed!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen