De sinne hat it dreech



Blinder, de webmaster fan in net neier te neamen Frysk literêr tiidskrift dat net De Moanne hjit, seit dat it mar stil op de blochkes is. Dat is in provokaasje fan komsa en dêr binne wy yn 'e regel net gefoelich foar. Dochs lûk ik it my no al efkes oan, omdat ik jûn net te rinnen sil en dus wol wat tiid oer ha. Mien ik alteast.

Dus, wêr moatte wy it oer ha? De DERBY? Nee, dêr stiet twitter al fol mei. De iene tweet noch flauwer as de oare, net neier te neamen folksfertsjintwurdigers dy't it oan tiid ha om harren mei ditsoarte flauwe digitale praatsjes dwaande te hâlden en oaren dêr't je fan tochten dat se harren ferstân wol hast hienen dy't it nedich fine om soks ek noch te retweeten? Nee, lit mar.

It nije dekôr fan de Omrop dan? Nee, it sjocht der kreas út, de programma's binne útsein twa oeren nijs tusken de middei (dat meastal ek wol yn in kertier past, want der bart hjir net safolle) net it measte feroare. Dat kin hjir ek net yn Fryslân, oars hat de grize weach sliepleaze nachten en dy leare no't se Amearikaanske searjes sjogge wat claime betsjut en der is gjin jild, dus. 

Nee, wy moatte it mar efkes oer de sinne ha. Want it stumper hat it dreech. Alteast dat seit in net neier te neamen waarman dy't sels al is er mei fakânsje dochs alle dagen op tv is. Reuze knap, hoe docht er dat dochs?
Hawar, achte waarman. Ut tige betroubere boarne kin ik jo melde dat de sinne it net dreech hat. It giet de earste pear miljoen jier noch foar wûnder mei him. Wol kin it ris wêze dat der in wolk foar de sinne driuwt. Soks is meteorologysk wol te ferklearjen, mar jo hâlde stoef fol dat de sinne it dreech hat. Dat is feitlik net rjocht ynoarder. Miskien is in oare wize fan fertellen dat it net sinnich waar is omdat der prachtich foarme wolken foar de sinne driuwe ynstee fan ús leauwe te litten dat de sinne op syn lêste fuotten rint ek in opsje yn de nije programmearring fan de Omrop? Yn 't foar al tige tank. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen