Nije telefoan


As trouwe Nederlanner harkje ik tige goed nei de regearing. Dy sizze dat wy jild útjaan moatte om de ekonomy wer op gong te helpen. Braaf boarger as ik bin doch ik dat dan. It probleem dat der wolris gjin jild is om út te jaan slute wy de eagen dan mar efkes foar. Alles foar de ekonomy.

Fatsoenlik grutbrocht moatte jo ek om in oar tinke. Earme berntsjes mei miggen om de mûle en sa. Dat is der troch de STER reklame goed yn timmere. Dat ha al dy direkteuren fan dy ynstellings al jierren goed besjoen, goed wat troch de honger opsetten bealchjes en goed wat blauwe miggen op it gesicht, dan donearje se foar wûnder.

Jo moatte ek om josels tinke, in oar docht it yn 'e regel net.

Tsja, dan ha je dus trije saken. Binne dy yn ien loop te tackeljen? Jawis!!! Jo keapje gewoan in nije telefoan.

Mark Rutte kin mar grutsk op my wêze. Ik doch myn bêst om de ekonomy op gong te bringen. Ik ha in Samsung kocht. De nijste. Dêr is in soad oan ûntwikkele, dus help ik ek earme minsken. Yn Korea yn dit gefal.
It is in pracht tastel. Yn dat ramt tink ik dus oan mysels. Ik doch ek noch wat oan berne-earmoed, al dy leave lytse Koreaanske bern dy't braaf myn Galaxy S4 ynelkoar prutst ha hingje net op 'e dyk om, mar binne oan it wurk. In oerke as 16 op in dei, skat ik. No, moai net?


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen