Der is noch plak









 

De Kommisje Kleastertsjerke Koartehimmen organisearret:

 

 



“In spannende jûn yn de tsjerke fan Koartehimmen”
 
 




Op woansdei 2 oktober sil de tsjerke fan Koartehimmen it dekôr wêze fan in tige nijsgjirrich programma.
Auke Zeldenrust en Eddy Dijkstra sille op ’e planken.
Auke Zeldenrust, misdieferslachjouwer fan Omrop Fryslân, dêr’t er de Vaatstra saak fanôf dei ien folgje hat, sil jim fertelle oer syn nijste projekt. Hy hat in skoft meirûn en meilibbe yn finzenis De Marwei yn Ljouwert en dêr in boek oer skreaun dat in byld sketst fan wat him efter dy hege muorren allegearre ôfspilet. Hy neamt it ‘In doarp op himsels, net tagonklik foar tredden, mar dêrom net minder nijsgjirrich.’
Eddy Dijkstra sil de muzyk fersoargje. Jim kenne him fansels fan it Simmer 2000 liet ‘Efkes werom.’ Eddy is in Fryske Kanadees, mei al fjouwer cd’s op syn namme.

De jûn begjin om acht oere, de tsjerke is om healwei achten iepen. Tagongspriis is €7.00, kofje ynbegrepen. Wy ferwachtsje in soad belang-stelling, dus yn it foar oanmelde is ferstannich, dan binne jo wis dat jo der yn kinne.
Opjaan kin fia de mail by j.p.gehem@gmail.com

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen