Skriuwe? Ferbiede dy domme gewoante!



Niis lies ik op teletekst dat de soarchfersekerders ôfsprutsen ha dat dokters net mear hânskreaune resepten útskriuwe meie. Dit alles op fersyk fan de ynspeksje, it soe net mear fan dizze tiid wêze om mei de hân skreaune, min lêsbere bryfkes te produsearjen.

Soks is dochs wol de wrâld op 'e kop. Ja, ik wit wol dat der in katagory dokters is dy't te beroerd binne om lêsber te skriuwen. Dat is fan alle tiden. Mar om it dan te ferbieden is dochs net te leauwen?
Mear as de helte fan alle autoriders fertsjinnet it net om op de dyk te wêzen, sa min behearskje se de auto, it ferkear en de regels. Mar om dan it autoriden te ferbieden? Nee, wis net. Dat is net goed foar de steatskas. Mar it komt wol op itselde del.

Wêrom easkje de soarchfersekerders net fan de by harren oansletten dokters dat se fatsoenlike bryfkes produsearje? Gewoan, mei in penne skreaune bryfkes? As se te laks, arrogant binne of gewoan net wolle? Jou se mar in boete.

Op dizze wize wurdt it skriuwen as feardichheid en keunst earnstige skea oanbrocht. Sa kweke wy in generaasje dy't net mear skriuwe kin, mar allinnich tikje op in toetseboerd. Omdat de dokters te beroerd binne lêsber te skriuwen. Dat is de maklike wize fan bestriden fan kwea.

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen