Skarsterbrêge

Dat wie in pracht jûn juster. De seal yn Skarsterbrêge siet moai fol, en nettsjinsteande ús ferkâlden kop en seare kiel ha Jaap en ik it der ôfswitten.

Sjoch, dit blochke hie ik juster al oankundige, omdat ik de organisaasje fan de jûn yn Skarsterbrêge efkes yn de sinne sette wol. Want dat ha se wol fertsjinne. Wat is it gefal?

De minsken dêr ha my efkes fertelt hoe se ta sa'n jûn komme. Ien kear yn it jier is it doarpsfeest, en fansels wurdt dêr aardich ynnaam. De frijwilligers fan de literêre jûn sitte dan it hiele feest by de wc's om dy skjin en kreas te hâlden en freegje dêr gjin bydrage foar. Mar it mei wol.
Nei it feest blykt dan, dat it folk bliid is mei himmel sanitêr, sa bliid, dat de frijwilligers fan it garre jild yn it winterskoft in Fryske jûn mei boeken en muzyk organisearje kinne. De tsjerke is ek sponsor troch de seal beskikber te stellen, en sa kinne in man/frou as 60 in pear noflike oerkes meimeitsje, fergees. Ja, fergees. Gjin yntree.

Mei ik in grut digitaal applaus foar ditsoarte minsken? In doarp mei lyts wêze, mar ta grutte dingen yn steat. En no soe ik fansels oer djoere, swier stipe eveneminten begjinne kinne, mar dat doch ik mar net. Yn de eagen fan de 'hegere kultuer' oanhingers is dit griemerij yn de marzje. Dream on, losers.

Frijwilligers fan Skarsterbrêge: Tige tank.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen