Writersblock

Je ha fan dy dagen dat je totaal, mar dan ek totaal gjin idee ha wêr't je wat oer skriuwe sille. Sis no sels, oer de nije Fryske stavering is juster yn ien dei mear skreaun as dat der yn in jier boeken ferskine. De ^^ en de oe's fleagen ús om de earen. Op dizze side ha safolle minsken der nei sjoen dat it kwa besikers in top fiif dei wie.

Writersblock? Dat duorret meastal net lang. En hjoed holp myn Acer kompjûter dêr by. Hy die in melding dat ik it ding opnij opstarte moast, dan koe hy him mei de updates fermeitsje. Opsje by sa'n melding is, dat je dat proses útstelle kinne. Ik siet middenyn in stikje, dus dat die ik. In kertier letter soe er dan út gean.

No, moai net dus. Fan it iene op it oare momint it skerm swart, updates ynstallearje. Wat in rotding, ik hie dúdlik en helder sein dat ik dat noch net woe.
Mar it moaiste fan it ferhaal: alle tekst kwyt. Nearne mear te finen, poater.

No is it hjoed freed, en foar it wykein noch in nije keapje dy't wol nei my harket en gjin dingen docht dy't ik net wol is koart dei, dat is syn gelok, want ik wie by steat en miterje de brot yn de kliko.

Mar wat is it oars moai waar, net?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen