Bloggers fan Fryslân

Bloggers fan Fryslân.

Nee, dit is net de opfolger fan Boeken fan Fryslân, it is gewoan in oanhef boppe it stikje. Dus, oan alle bloggers dy't soks yn it Frysk dogge. Guon fan jim witte, oaren net, dat der in grut oantal minderheidstalen yn de wrâld binne. Op dizze site: http://indigenoustweets.com/blogs/ kinne jim dat sjen. Ek ús eigen taal it Frysk stiet hjir tusken.

As je it Frysk oanklikke, komme der in stik as tweintich bloggers foar it ljocht, dy't yn dy list steane. Der binne fansels folle mear.

Net omdat ik no sa gek op listen bin, sterker, ik fyn der yn 'e regel neat oan, mar dochs ha ik kontakt socht mei de man efter dizze grutte webside. As je dan in list ha, besykje dy dan ek sa goed mooglik by te hâlden. Der sirkulearje hjir yn Fryslân ek in oantal listen, in twitterlist, dêr't ik net yn foarkom, wylst ik dochs wol geregeld twitterje en in bloglist, ek dêr is stikelstekker.blogspot.com net te finen. Wylst stikelstekker boppe-oan  stiet yn de mânske side fan Indegenoustweets.com. Hawar, dêr meitsje ik my net in tel drok om.

Wêrom sitte dy oare bloggers der net gewoan tusken, freegje jim jim ôf? Dat hat mei blogspot.com te krijen. Underoan dizze side fine jim de linkjes nei blogsiden fan Eelke Lok, Daam de Vries, Andre Looijenga, Johan Veenstra (Stellingwerfsk) en Cornelis van der Wal, om mar ris in pear te neamen. Dy wurkje mei .nl, wordpress.com, .nl/wordpress/ En dat pakt dy side dus net.

Ik ha de fraach dellein oft soks feroare wurde kin. Meastal krij ik binnen in dei antwurd, dus it sil my benije. Ik hâld jim op de hichte.

UPDEET:

Aha!!! Krapoan in kertier letter hie ik al mail werom. Dêr kinne guon in puntsje oan sûgje! Op myn fraach oft it net aardich wêze soe om al dy oare bloggers ek yn de list de krijen kaam dit antwurd:

Indeed it would.  But there are some technical issues I have to
overcome with each different site that's added and I just haven't had
time to do so.  Wordpress is the next on the list, naturally.

Will let you know when that's settled.










Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen