Sinleas geweld

Ik wie krekt tsjûge fan in slim barren.

Trije swannen brutsen it tinne flueske iis. Op himsels net slim, mar se hienen spul. Ien fan harren bleau yn it wetter, wylst de oare beide de wâl opklommen en dêr in fikse knokpartij ôfleveren. Nea witten dat swannen sokke minslike lûden meitsje koenen. Fansels wie it foar myn mobyl krekt te fier fuort, oars hie ik hjir in filmke fan makke.

No it frjemde fan it ferhaal: se binne mei har trijen wer ôfsetten. Ien fan de fjochtersbazen hie it bloed op de fearren, mar neat gjin argewaasje mear. Broederlik sakken se wer by de igge del en swommen rêstich de oare kant op. Typysk gefal fan sinleas geweld.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen