De lêste snein fan it tsjerklik jier

It is hjoed de lêste snein fan it tsjerklik jier. Foar de ateïsten ûnder ús: op dizze snein wurde yn de moarnspreek de minsken betocht dy't it ôfrûne jier weirekke binne.

Kommersjeel besjoen soe soks faker moatte, de tsjerken sitte meastal grôtfol en soks is goed foar de kollekte. Ien fan de lêste begraffenissen dy't ik bywenne, begûn de sprekker mei de wurden: 'Us mem wie grif net ûntefreden west mei de opkomst.' En sa is it mar krekt. De tsjerken rinne leech, mar der is blykber wol behoefte oan in dei as dizze.

No bin ik net sa'n kearske-oanstekker, hoewol, yn de útholle pompoenen stiet it wol moai, mar dat is halloween, en dus wer hiel wat oars. Mar klear, de minsken dy't dat wolle, meie in waxineljochtsje oanstekke, en dêr meitsje dochs in soad minsken gebrûk fan. Ferline jier ha ik ek ien oanstutsen foar in nicht fan my, dy't fierstente betiid stoarn is, it ferhaal dêr efter lit ik foar wat it is.

It moaiste momint foar my: doe't ik wer thúskaam út Drachten wei, junior moast nammentlik in ein hurdrinne foar skoalle. Yn de finsterbank baarnde in kearske. Junior twa hat blykber deselde nuvere gedachten as har heit, want ik hie der oer tocht om dit jier foar Sytske in kearske oan te stekken.

Ik ha it net dien, sy wol.





 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen