Haadredaksjoneel kommentaar yn de LC

Myn nammegenoat Bert de Jong seit yn syn kommentaar dat help oan Grikelân ûnûntkomber is. Foar in part kin ik dêr wol yn meigean.

Mar dochs fyn ik it net sa maklik. Sitaat: 'Niemand die nog serieus rekening houdt met de mogelijkheid dat Griekenland inderdaad de schuld tot de laatste Euro terugbetaalt.'

Foer foar ekonomen, mar net foar minsken dy't de gong nei de stimbus meitsje, De Jong. Jo sille gelyk ha, mar it is net út te lizzen. Jawol, fansels is it út te lizzen, mar dat sil dan wer mei in politike spagaat moatte dy't je oan de iene kant oan it laitsjen bringt, en oan de oare kant wurdt jo bloed sûpe. Hoefolle minsken wienen der yn de tiid dat Jan Kees de Jager mei in glimke op it gesicht sei dat de Griken eltse sint werom betelje soenen al net synysk? En se krije harren gelyk.

As it sa komt as dat jo tinke dat it komme sil, sil Mark (Buster Keaton) Rutte stilswijend alle retoryk fan de opposysje oer him hinne komme litte, om dêrnei in betooch te hâlden dat it dochs echt net oars koe. En dêrmei de 'gewoane man' foar de safolste kear folslein ôfknappe litte sil op alles dat dêr yn Den Haach bejeuzele wurdt.

Mei ik konkludearje dat jo dat op de koop ta nimme?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen