Elts jier wer

Elts jier wer moat der om dizze tiid hinne in list komme. Mei saken dy't je brek binne, dat alles yn it ramt fan Sinteklaas.

Elts jier wer ha ik gjin flau idee fan wat ik op dy list sette moat, want ik ha alles wol, en dat wat ik net ha is net te beteljen, sels net foar in Fryske skriuwer.

Elts jier wer rin ik der dagen mei om, en kom meastal ta wat ûnsinnige dingen, om der dochs mar wat op te setten.

Elts jier wer moat ik op ien fan de lêste dagen alles noch helje, ynpakke en der in gedicht by skriuwe, wylst ik proazaskriuwer bin.

Elts jier wer is it feest binnen in oere dien, de keamer fol papier en jo tôgje mei jo ferkrigen ark nei it kantoar of hok, om it syn plak te jaan.

Elts jier wer is it, as it safier is, ek wol wer leuk.

Elts jier wer moatte jo der wol efkes ta komme.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen