It bliuwt drûch hjûd?

Nijsgjirrich nijs op Facebook. Ik sil efkes in stikje kopiearje. Hupsakee. No, mei dat Frysk diktee sil ik dus wol swier de sigaar wêze. (Nei oerlis mei skriuwer mocht ik dit stikje oernimme, wêrfoar tige tank!)

Henk Wolf skriuwt op Facebook: Ik hearde juster in nijsgjirrich nijtsje: de Fryske Akademy en de provinsje riede yn ferbân mei de produksje fan it 'Fryske griene boekje' in tal staveringswizigingen ta. Ien dêrfan is in ferienfâldiging fan de skriuwwize fan de klank [u].

De kar tusken 'û' en 'oe' sil net langer basearre wêze op de etymology. De regel wurdt tenei: yn prinsipe 'û', behalven as it wurd ek yn it Nederlânsk foarkomt en dêr 'oe' hat of as de klank stiet yn de doetiid fan in tiidwurd.

Dêrtroch soenen wy tenei "drûch" en "foeterje" skriuwe moatte, ynstee fan "droech" en "fûterje". Didaktysk sjoen net in minne saak, al sil it al wat ûnwennich wêze yn it begjin. 

 
 

Reacties

  1. Tja, sjoen nei de útspraak is 'droech' mei in 'oe', sa't it no is, ûnlogysk fansels.
    Mar 'fûterje' mei in 'oe', sa't it dan moatte soe neffens dy nije stavering, soe dat ek wêze...
    Ferienfâldiging ... Lead om âld izer??
    -Geeske.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen