Us Doekle

De bou fan in nij Thialf is fansels tige goed foar de provinsje. Oeral op de wrâld witte se wêr't It Feen leit. Mar ik koe it hast net mear iens wêze mei it kommintaar yn de LC fan hjoed.

Wat in arrogante klup, dy KNSB. Under oanfiering fan ús Doekle Terpstra, dy't nochris sa bot omheech falle sil dat er mient dat er kening wurde kin. Net te leauwen, dy man.
Gjin kop mear op de tribune, de kaartsjes binne net te beteljen. Mar Doekle, dy't je net nei eat freegje moatte dat net direkt mei syn baantsje te krijen hat, want dan wit er it net, dy Doekle, dêr kin it Fryske folk mar grutsk op wêze. 

Earst fûn er alle plannen better as dy fan Thialf. Almere, Zoetermeer en wit ik wêr't dy banen allegearre wol net komme soenen. Us Doekle wie lyrysk. Alles better dan dy domme plannen dêr yn It Feen. Dat, wylst de KNSB allinnich mar roppe en raze kin, se ha gjin neil om de kont te klauwen. Mar dat behindere Doekle net. Gjin turf heech yn It Feen. Kânsleas.

No docht bliken dat de proefballonnen eins mar op ien plak net lek stutsen binne. Op It Feen. En wa is no de grutste foarstanner: krekt. Us Doekle. Aanst mei in oranje sjaal om de hals neist Alex stean om it lintsje troch te knippen. En lyrysk oer it nije Thialf. Let mar op.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen