Nijs

Wylst alle media op 'e rin lykje, en yn harren drift om nijs te werheljen noch krekt net in djiptepetear begûn binne mei de hûn fan de buorfrou fan immen dy't yn 'e fierte kunde ha soe oan immen dy't der ek wat fan wist , kaam ik op twitter dizze tweet tsjin.


In de laatste 5 dagen zijn vanuit Gaza 877 raketten op Israel afgeschoten. Daarvan zijn 307 door Iron Dome onderschept.

It drama yn it Midden Easten wol mar net ophâlde. Sawol de Palestijnen as de Joadske minsken dy't yn it berik fan dy domme fjoerpylken wenje, sitte alle dagen mei in skean each nei de loft te sjen, hokker troep soe der no wer op ús ôfkomme. 

Bern dy't as skyld brûkt wurde, ferdraaide bylden op tv, de media dy't ek hjir in kwealike rol spylje om mar nijs bringe te kinnen, it liket wol in spultsje. Mar wol in spultsje dat ynkoarten mei in grutte klap eskalearje sil. De pesterijen oer en wer duorje no al sa lang dat der wer in rige ekstra deaden oan sit te kommen, bin ik bang. 

En wa is dan de winner? Nimmen, der binne allinnich mar ferliezers yn dit ferhaal.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen