Kafee Marktzicht, opfiedkundich prima

Dat wie wer in aparte sneontemoarn.

Sjoch, as de mobile tillefoan fan junior op tafel leit en sy net op minder as in meter sinjalearre wurde kin, is der wat mis. It ding woe net opstarte. Algemiene panyk. Want in libben sûnder WhatsApp, Twitter en MSN is hast net mear foar te stellen.

No ha ik sneons earst kofje en de krante. Mar eins wie dêr gjin tiid foar, wy moasten nei Drachten, de tillefoan wer oan de praat bringe litte.
Healwei de krante belle in kollega skriuwer my op, dan binne jo ek samar in kertier ûnder de pannen. Hawar, de RamVan oanslingere en nei de hoofdplaats fan Smellingerlân. 'Het is vandaag Samsung dag,' sei de man yn de winkel. 'Een half uurtje, dan doet ie het wel weer.'
Om no in healoere troch it frijwat wynderige en dampe sintrum fan Drachten te swalkjen like my neat. Efkes by de boekhannel sjoen. De Lêste Trúk net op foarried. Hmm... Daliks mar efkes it personeel op oansprutsen, liket fansels op fleanen. 'O, die is dan onderweg,' sei er. Dat moatte je dan mar leauwe.

Doe hienen junior en ik noch 25 minuten. Omdat ik de opfieding fan de bern tige serieus nim, tocht ik: De kroech mar yn. Dan hat ik dat stikje ek mar hân. Poeh.
Op reis nei kafee Marktzicht troffen wy in frijwat bekende Drachtster troebadoer, dy't ek streekrjocht op deselde griene doar oanrûn. Wy bedarren dus oan de bar. Moai hear, heit en dochter yn de kroech. Ik wit net krekt oft ik my no jonger fielde, of sy harsels âlder, mar dat docht der ek net ta, wol?

Ronald hat altyd de kofje klear en is is der lekker waarm. Yn krapoan 20 minuten ha wy de iepening fan de Drachtster Feart efkes trochpraat, it Polderhoofdkanaal en de byhearrende rydplaten dy't dêr no al jierren lizze efkes op jild setten, in bakje kofje en kola dronken en doe de mobyl wer ophelle.

Moai op tiid wer thús foar it iten. Wat in kroech is dat dochs. Jo komme der wizer wei as dat je der hinne gean.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen