24-11-2012: Nei Thialf!



Sa'n foto seit jim op it earste gesicht miskien net safolle. Mar guon sille ek daliks sizze: Ja! Dat wit ik noch. De Feenstra Flyers yn de gloarjetiid.

It is noch te betiid om te deidreamen, mar stadich, hiel stadich komme der wat gefoelens fan in jier as 25 lyn nei boppen. Soe it dit jier al kinne? Soenen Chris Eimers en Henk Hoekstra de saak al sa op de rit ha?
Ik skriuw geregeld wat oer iishockey, en oer de hjoeddeistige lieding fan de Flyers skreau ik op 5-10-2012  http://stikelstekker.blogspot.nl/2012/10/lets-go-flyers-lets-go.html 

De Flyers spylje hast altyd op freed. Wat is it no jammer dat se op sneon 17-11-2012 thús tsjin Geleen moatte, lokkich is dat foar de bekerkompetysje.
Ien wike letter, op sneon 24-11-2012 wer thús, tsjin Den Haag. Wat soe it moai wêze as Thialf wer ris oan de kop ta fol siet. It Feen hoecht dy jûn net te balskoppen yn it Abe Lenstra stadion, se moatte út nei Venlo. Dus allegearre yn it bûsboekje sette: sneon 24-11-2012, acht oere jûns nei Thialf. Foar de ien fan de moaiste teamsporten dy't der is.

It soe de Omrop ek gjin ferkeard dwaan om dy datum te notearjen. Wer ris wat oars, topsport, earedivyzje, dat binne saken dy't sjoggers lûke.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen