Klaske






Dit is Klaske. Teminsten, wat der fan har oer is. Klaske hinget hjir by my oan de muorre. Se wie in echte foaroanko, as dat in goed wurd is.
Klaske wie in Frysk reabunte ko, en rûn steefêst as earste fan en nei de stâl. Woe net dat in oar har foarby rûn, dy koe in feech krije. Se is âld wurden, wol in jier as 18. Dat is no hast net mear foar te stellen, in ko fan 18 jier. Mar Klaske wie in winner. Mar komselden sjogge jo dat se nei al dy jierren noch sokke prachtige hoarnen op de kop ha. Doe't it safier wie dat Klaske nei de merk moast, ha wy it fersyk by de keapman dellein dat er, mocht Klaske nei Brada gean, it gewei rêde soe. Dat hat er dien, dy keapman wie in omke fan my, dy't pake Ferdinand opfolge yn it ambacht fan merkkeapman. Ik bin wiis mei Klaske, it is it lêste taastbere bewiis fan it fee dat we eartiids weiden tusken de beammen en de bosken yn It Wâld. 

Wêrom fertel ik dit? Och, lit mar. Dyselden dy't it oangiet, witte it wol. Goede snein, minsken.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen