Bloed moat der floeie, blinder!!!

It is in tryste saak.

Mar wy komme yn it ferhef, minsken! Wat is der loos? De finzenis yn Veenhuizen giet ticht. Omdat we hjir yn it noarden fan it lân net genôch ferkeard dogge, en de bewenners hast allegearre út it westen fan it lân komme. It westen fan it lân, dêr't de brain-drain út it noarden wei hinne giet. Blykber ropt al dat interlekt in soad misdie op. En hjir hobbelt alles moai rêstich troch.

Dus, wolle wy de boel iepen hâlde? Brek yn, brûk de F. Herder wer ris âlderwetsk, oerfal in bank, stek it hûs fan dy klojo dy't jo net lije meie yn de hens. Doch wat, want de need is heech, minsken. Wy moatte foar bewenners soargje, dus dan moat it mar sa. In rel hjir of dêr, al as net fia facebook, der moat wat barre.

As earste soe ik optearje wolle foar it mei grof geweld werom heljen fan it swurd fan Grutte Pier. Hindert neat as der hjir of dêr ien omfalt, hear. Is goed foar de wurkgelegenheid, dus bats der mar flink yn.

Veenhuizen: wy stypje jim. Omdat wy in tige fatsoenlik folkje binne, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen