iPad op it Drachtster Lyceum

Junior sit op it Drachtster Lyceum. Prachtige skoalle, moai gebou. Sa no en dan binne der âlderjûnen, sa ek ferline wike.

De skoalle hat nammentlik betocht dat it gebrûk meitsje wol fan digitaal learen. Foar eltse learling in tablet. De kar is fallen op de iPad. Moai apparaat, wurket prima. Ek foar de rêch fan de bern is soks in útkomst, net mear tôgje mei in tas fol swiere boeken.

Dochs ha ik der wol wat betinkingen by.

Sjogge jim noch wolris in puber sûnder mobyl yn 'e hân? In bern dat gewoan mei immen stiet te praten? In jonge as famke dat op de fyts sit te sjongen? Ha jim wolris kontakt mei in puber sûnderdat hy of sy dwangmjittich om de twa tellen op syn as har mobyl sjocht om de lêste tweet, sms of whatsapp te lêzen?

Ik betraapje my der sels ek op dat ik ûnder it wurk geregeld efkes sjoch. Dus neat is my frjemd wat dat oanbelanget. No lies ik dat sûnt de mobile tillefoan der is, mear bern sitten bliuwe. Ferslaving leit op de loer, gjin tel sûnder mobyl.

Ferline wike dus in âlderjûn. In halleluja-ferhaal oer de iPad, en hoe mooi het allemaal wel niet was. Mar no ha al dy pubers dus twa tillefoans, om it mar ris bryk te sizzen. Ik hie nei it ferhaal fan de ynlieder graach freegje wollen oft dêr ek oandacht oan bestege is, mar nei syn lofsang wie der gjin gelegenheid om fragen te stellen. Ik bin doe fuortgien, miskien dat dat letter op de jûn wol koe, mar eins hie ik it smoar yn dat soks net daliks oan de oarder kaam. Miste kâns, want it mist my net dat der mear âlders mei dit probleem sitte.

De bern fan no wurde wrâldfrjemd, as we der net om tinke. Allinnich dwaande mei harren mobyl, tinkent dat se dêr echte freonen treffe. Foar in part sil dat ek sa wêze, mar ik soe graach ris witte wolle oft der krekt lyk as my âlders binne dy't tinke dat harren bern aanst net mear gewoan kommunisearje kinne, mar alles digitaal dogge, en it ferskil tusken in hynsteblom en in koweblomke net mear witte. 

 

Reacties

  1. De measten witte sa al net wat in koweblomke is. Dat binne Afûk blommen :) Mar ik kin my wol fine yn dyn ferhaal. Twa pubers fan 14 en 16 jier en de mobyl sit by de iene oan de hân fêstplakt en de oare hat in laptop en wol net leauwe dat it ljocht fan sa 'n skerm de hiele dei miskien wol makket dat se net sa maklik yn sliep komme kin. Rigels stelle wy wol! Gjin mobyl by de itenstafel en de laptop om 10 oere ûnder bringe. Mar jo moatte as âlders wol ferhipte konsekwint wêze om dy rigels nei te libjen. En dan soene se der noch in iPad by krije? No 't ik der wat langer oer neitink fyn ik eins dat it net safolle útmakket. Dan brûke se de mobyl wer minder, tink ik. It iene ferfangt it oare. En jou se der in toetseboerd by en do hoechst net in djoere laptop foar it bern te keapjen.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Gerrit Zandbergen23 november 2012 om 17:11

    Rju achte hear de Jong,

    Ik seach jo blogpost foarby kommen op Twitter en fyn it spitich dat wy inoar moandei net mear efkes sprutsen ha. Romte foar in (groeps)petear siet yndie net yn it programma mar dat wol net sizze dat wy gjin ynteresse hawwe yn de miening fan âlden. Dêrom wol ik jo graach útnoegje om nochris op skoalle te kommen om fierder te praten oer de underwerpen dy't jo oansnije yn dit berjocht.

    Mei freonlike groetnis,
    Gerrit Zandbergen (de ynlieder)
    @gzandbergen

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Achte hear Zandbergen.

      Tige tank foar jo reaksje, en ik nim de útnoeging graach oan.

      Mei groetnis, Ferdinand.

      Verwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen