Anty wjirm kuer

Efkes in koart berjocht, doch der jim foardiel mei, soe ik sizze.

Igor, ús reade boarre, hie wjirms. Dat koenen jo oan de bûtenkant sjen, fierder sil ik dêr net op yn gean.
Foar my is dat altyd in drama, want dan moat ik it bist anty wjirm guod yn de bek spuitsje. En dat fynt er mar neat, hy slacht as in wyld om him hinne, wylst er oars sa goed as bôle is. De lêste kear rûn it gierend út de klauwen. Ik hie de kat yn stelling, dat wol sizze houtgreep, en doe de spuit yn de bek. Op it momint dat ik de trekker oerhelje soe, slagge it Igor dochs noch om himsels los te wrotten. Mar ik hie de tomme al sa stiif op de spuit dat de wite anty wjirm brot troch de loft fleach.

Ik tocht, smoar do der dan mar yn, ast net yn goedens wolst, dan mar mei wjirms omrinne, dwaas. Dus it dopke wer op de spuit en yn it hok op de planke lein. Sjoch ik wat yn de rûnte, is Igor wer werom fan syn flecht en streaket my wer om de fuotten. Oant er de lucht fan dat anty wjirm guod yn de noas krige. Daliks ferpleatste er syn oandacht nei de flier. Ik sil jim sizze, hy hat de hiele boel opslikke, hearlik fûn er it.

Dus hjoed de doasearspuit op de grûn lege, ik hie de dop der noch net op, doe hie Igor syn anty wjirm kuer al op. Gemak dient de mensch. Dat jim it witte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen