Fytsbân

Junior har fytsbân hie syn tiid hân. Raffels oan de rânen en hy rûn stadich leech, sadat ik om de dei de bân oppompe moast. Tiid foar in oare dus.

Efkes nei de Drait, dêr sit in fytswinkel. 26-1.90, dat is de maat. Hie ik in foto fan makke, dat is maklik. In poster op de winkel fertelde my dat der twaddehâns fytsen fan ôf € 25.00 te krijen wienen.

'De binnenbân noch goed?' frege de ferkeaper.
'Doch der mar ien by, hy rint leech. Sil wol poreus wêze,' sei ik.
'Dan wurdt it €22.00.'

No snappe jim wol wat ik doe tocht, nim ik oan.

Ik sil de bân ferwikselje. Mei it smoar yn.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen