Tillefoantsje

No, Obama kin him mar noflik deljaan. Nee, net omdat er wûn hat, mar omdat er de lokwinsken fan Mark Rutte krigen hat.
Ik wol net leauwe dat de man der in tel minder om sliepe soe, hie er dy net krigen. Sa fan: 'Allegearre prachtich hear, mar Mark hat noch gjin lûd jûn.'

Obama liket wol in aardige keardel. Fansels is der wol wat op oan te merken, mar altyd better as Bush junior. De soarch is striemin yn Amearika, dêr soe er mear oan dwaan kinne. Mar de iiskâlde republikeinske Bush foldie my min. Bush, dy't, doe't er der nei frege waard, net fertelle koe wa de premier fan Kanada wie. Hoesa 'der is oars gjin lân as de USA'.

Obama sil hjir en dêr ek grif korrupt wêze en dûbel fel foar de kop ha. Dat moat yn in baan lykas hy hat. Mar de keunst is om dat goed te maskearjen. En dat kin er tige.

Ien ding ha ik op de man tsjin. Se jouwe allegearre heech op fan syn taspraken, en dy binne ek wol moai. Mar hy sjocht net nei de minsken. Hy sjocht oer harren hinne. Let der mar ris op. Hy docht krekt of hat er om de pear wurden kontakt mei de seal, mar hy sjocht inkel muorren en doarren. Dat sil wêze om net út de konsintraasje te reitsjen, mar it docht by my wat ôfbreuk oan de speech.

Foar it oare? Och, Obama as Romney, wy ha hjir wol wat oars om oer yn te sitten. De lokale toppers Rutte en Samsom binne dwaande om dit lân stikken te besunigjen. Alles koarte termyn wurk. Der is aanst gjin kop mear dy't yn Nederlân ynvestearje wol.

Mar lokkich, Mark hat efkes mei Obama belle. In grut lieder, Mark. De peilings jouwe dat oan, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen