Hamburg Harns tsjin de sintralisaasje

De FNP wol it spoar tusken Hamburg en Harns better benutte. Dit om mear Dútsers nei Fryslân te heljen. Dat liket my in goed plan, om in oantal redenen.

Kunde fan ús hie eartiids buorkerij. Mar omdat it lân gaadlik lei, gie er oer op in kamping. Ut de rike oerlevering is dizze útspraak: 'Ik woe dat ik allinnich jaren yn it lân hie, dy kij frette mar ta. Noch better is Dútsers melke,' of sokssawat.

Dat spoar leit der, de Dútsers wenje der, en dus hoecht it net it measte te kostjen. Eins hielendal neat, allinnich wat reklamejild en in pear ekstra treinen yn it oere. Gjin kop dy't sjocht dat se oer itselde spoar ride. 'Spoor tussen Hamburg en Harlingen opgewaardeerd.' Klear. Lit mar komme.

De oare reden is dat, en miskien ha se dêr ek wol oer neitocht by de FNP, wy net it measte mear út Den Haag ferwachtsje kinne as it om it hege Noarden fan it lân giet. Biedwurd liket sintralisaasje yn de rânestêd. Dus kinne jo better oare wegen sykje. Brussel, en krekt oer de grins. Dêr lizze de kânsen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen