Wynmûnen

Snappe jim it? Wynmûnen by It Feen?

Ik bin in praktysk man. En hikke en tein yn Oranjewâld. Dat wie smûk, omdat der in soad beammen stean. Sa't jim witte leit It Wâld tjin It Feen oan. En dêr wolle se wynmûnen ha. Mar doe't ik lyts wie, fertelden se my al dat it op 'e klaai altyd waait. En net yn de Wâlden.

Dus sille dy dingen aardich heech wurde moatte om noch in pûsterke op te heinen. Op himsels ha ik neat op wynmûnen tsjin. Jammerje oer it lawaai en sa? De wrâld fan hjoed-de-dei libbet 24 oeren deis, en makket ek lawaai, de hiele dei troch. Dus dat is neffens my gjin argumint, as se dy dingen wat knap yn it fet hâlde, sil dat net de measte oerlêst jaan. Mar jo moatte wyn ha om dy mûnen rendabel te meitsjen, en de wyn blaast om It Feen hinne lang sa hurd net as bygelyks op see. Dêr hoege se mar de helte fan de hichte te hawwen om likefolle wyn te fangen. Sjogge jo se ek net fan de eilannen ôf, mits se in moai ein nei Noarwegen op delsetten wurde.

De gemeente is tsjin, lies ik niis. Op hokker grûn? Se fiele harren oerfallen troch de provinsje. Soe brek oan wyn net in better argumint wêze? Sokke hege dingen? Plof se yn see del. Eltsenien bliid.

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen