Feestje

Tongerdei is der in feestje yn Ljouwert. Boekhannel De Tille+De Slegte iepenje de winkel flak efter it Saailân.
In iepening fan in boekhannel is yn dizze tiid suver nuver. Miskien dat oer in jier yn Drachten ek sa'n feestje komt, as Van der Velde in nije winkel oan it Raadhuisplein krijt. Wy wachtsje ôf.

Tongerdei om 15.30 sille Rients Gratama en Carla van der Heijde oanwêzich wêze om te sinjearjen. En de webmaster fan Stikelstekker is der ek by útnoege. Dus minsken dy't noch in boek fan my keapje wolle of in krabbel yn in al kocht boek ha wolle, binne wolkom. Wy sille der oant healwei seizen wêze. Foar it hiele programma set ik it linkje nei de side fan de feestkommisje der efkes by. http://www.selexyz.nl/evenementen/2789/de-tille-de-slegte/leeuwarden/

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen